Localization/fy
KDE yn it Frysk: Lokalize | PoEdit | Koffice op Windows | Skermprints fan KDE | Diskúsjegroep | bugs | Oersetark | Wubi ynstallearder | Fryske kompjûterwurden | Fryske wurdlist | Taalburo Fryske akademy
KDE yn it Frysk
Dizze webside hat as doel de oersetting fan KDE nei it Frysk te stimulearjen.
Hjirûnder in skermôfdruk om in ydee te jaan hoe't KDE der út komme kin te sjen as der in Fryske oersetting is. Wy hoopje dat dy dat foldwaande entoesjast meitsje sil, om mei te helpen oan de Fryske oersetting fan KDE. Asto meiwurkje wolst oan dizze aardige útdaging, lit dat dan witte oan: Rinse de Vries.
Koarte skiednis fan it Frysk
It Frysk stamt út de tiid fan it Fryske keninkryk dat de hiele kustline fan Denemarken oan't Belgie besloech. De Friezen fierden in soad hannel mei de Ingelsen, wêrtroch der in soad oerienkomsten tusken de beide talen binne. In Fries dy 't Ald-Ingelsk studearret hat dêr net in soad muoite mei, omdat it Ald-Ingelsk in soad op it Frysk liket.
It Frysk is in folsleine taal, justjes âlder as it Nederlânsk. It Frysk hat net allinne in eigen stavering en grammatika, mar ek har eigen literatuer. Lykas yn elts taalgebiet, binne der ek yn Fryslân in tal dialekten.
Tidens de evangelisearring is it Fryske ryk, dat absoluut net iepen stie foar it Kristlik Leauwen, yn in oarloch tsjin de Franken en Saksen ferslein en útinoar fallen. Yn de Dom-toer van Utert stiet in aardige útbylding fan dit histoarysk barren. (jawis, Utert hearde doe ek by Fryslan :)
Besjoch ek: i18n thûsside | Fryske software | Vertalen (NL) | Friese talen (wikipedia.nl) | Fryskelator | KDE (fy) | Gnome: vertaling Email archive |