Localization/fy/lokalize: Difference between revisions
Mark Ziegler (talk | contribs) |
|||
(One intermediate revision by the same user not shown) | |||
Line 54: | Line 54: | ||
Doch dit wol mei oerlis fan ien fan de twa hjirboppe neamd sadat der gjin dûbele of ferkearde saken dien wurde. | Doch dit wol mei oerlis fan ien fan de twa hjirboppe neamd sadat der gjin dûbele of ferkearde saken dien wurde. | ||
==Besjoch ek== | |||
* [http://techbase.kde.org/Localization/fy FY thûsside] |
Latest revision as of 05:53, 1 August 2010
Lokalize
Lokalize is in programma wêrmei sawol ûnder linux (kde) as windows mei oersetten kin wurde.
Mei dizze side besykje wy jo dan ek ûnderweis te helpen om dit programma sa goed mooglik te brûken.
Lokalize ynstelle
It brûken fan Lokalize komt earst mei in tal saken dy't ynsteld moatte wurde.
Gean nei project en druk op Create new project Jou in namme oan it project (bgl: Frysk) en druk op save. Dit jout jo tagong ta in folgjend skerm.
ID = kde-fy_nl Language = fy Mailinglist = [email protected]
PO-directory = dit is de triemtafel wêr de po-triemmen sich yn befine, as jo dy no net hawwe dan moatte jo dy noch efkes oanmeitsje.
Nei dit kinne jo op OK klikke.
Oerset ûnthâld(translation memory)
Lokalize hat de mooglikheid om advys te jaan by oersettings of sels dielen automatysk oer te setten.
Hjirfoar moat it Oerset ûnthâld earst in tal triemmen ha om mei te wurkjen.
Dizze triemmen kinne jo krije fan Rinse de Vries (team koördinator) of Berend Ytsma (haadoersetter) mar jo kinne se ek sels fan de tsjinner helje. It giet om de folgjende twa triemmen desktop_kdebase.po en kdelibs4.po
Bewarje dizze twa triemmen en sleep se dan nei it fak Translation memory yn Lokalize wêr se automatysk ferwurke wurde.
Oersette
Foar it oersetten binne po-triemmen nedich, hokker jo fan de team koördinator of fan de haadoersetter krije kinne, mar jo se ek sels fan de tsjinner helje troch te gean nei
Doch dit wol mei oerlis fan ien fan de twa hjirboppe neamd sadat der gjin dûbele of ferkearde saken dien wurde.