Localization/fy/wubi-ynstallearder
Wubi
It wurdt noch alles sein dat Linux net ienfâldich te ynstallearjen is. No is it troch de jierren allinne mar makliker wurden mar ik kin begripe dat as minsken it besykje wolle en mear wolle dan in live cd dat it wol lêstich wêze kin.
No is der in ienfâldige manier kaam dy him fanút windows ynstallearje lit. Dat is de wubi-ynstallearder.
Wubi wurket krekt lykas oare sêftguod dy't jo ynstallearje, sa kinne jo it der ek wer ôf helje.
Wubi momint
As Wubi ynstallearre is dan kinne jo as jo de kompjûter op 'e nij úteinsette by de boot kieze út de windows ferzje of de ubuntu ferzje. Dit is in saneamde dûbel-boot systeem. As jo yn ubuntu sitte dan hawwe jo gjin windows, wol ha jo tagong ta de skiif wêr windows har op befynt.
De fierdere ynstallaasje
As Kubuntu úteinset sil de ynstallaasje trochgean mei it yndielen fan de skiif en kopiearjen fan de nedige triemmen. Fan it yndielen fan de skiif sille jo neat merke as jo yn de windows omjouwing sitte. Dit barren kin sa'n 10 oant 20 minuten yn beslach nimme, ôfhinklik fan jo kompjûter.