Localization/fy/lokalize

    From KDE TechBase
    Revision as of 15:42, 1 June 2008 by Tampakrap (talk | contribs)
    The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.

    GUI status: essential | stable | trunk


    Lokalize

    Lokalize is in programma wêrmei sawol ûnder linux(kubuntu) as windows mei oersetten kin wurde.

    Mei dizze side besykje wy jo dan ek ûnderweis te helpen om dit programma sa goed mooglik te brûken.


    Lokalize ynstelle

    It brûken fan Lokalize komt earst mei in tal saken dy't ynsteld moatte wurde.

    Gean nei project en druk op “Create new project” Jou in namme oan it project(bgl: Frysk) en druk op save. Dit jout jo tagong ta in folgjend skerm.

    ID = kde-fy_nl
    Language = fy
    Mailinglist = [email protected]
    

    PO-directory = dit is de triemtafel wêr de po-triemmen sich yn befine, as jo dy no net hawwe dan moatte jo dy noch efkes oanmeitsje.

    Nei dit kinne jo op OK klikke.


    Oerset ûnthâld(translation memory)

    Lokalize hat de mooglikheid om advys te jaan by oersettings of sels dielen automatysk oer te setten.

    Hjirfoar moat it Oerset ûnthâld earst in tal triemmen ha om mei te wurkjen.

    Dizze triemmen kinne jo krije fan Rinse de Vries (team koördinator) of Berend Ytsma(haadoersetter) mar jo kinne se ek sels fan de tsjinner helje

    http://websvn.kde.org/*checkout*/trunk/l10n-kde4/fy/messages/kdebase/desktop_kdebase.po

    http://websvn.kde.org/*checkout*/trunk/l10n-kde4/fy/messages/kdelibs/kdelibs4.po


    Bewarje dizze twa triemmen en sleep se dan nei it fak Translation memory yn Lokalize wêr se automatysk ferwurke wurde.


    Oersette

    Foar it oersetten binne po-triemmen nedich, hokker jo fan de team koördinator of fan de haadoersetter krije kinne, mar jo se ek sels fan de tsjinner helje troch te gean nei

    http://i18n.kde.org/stats/gui/trunk-kde4/team/fy/

    Doch dit wol mei oerlis fan ien fan de twa hjirboppe neamd sadat der gjin dûbele of ferkearde saken dien wurde.